UR stipet ûndersyk Caparis

Caparis yn Drachten © Google Street View
De ûndernimmingsried fan Caparis wol ek dat der in ûndersyk komt nei it ûntslach fan algemien direkteur Wilko de Vreeze fan Caparis. Dy tsjinne koartlyn syn ûntslach yn by it bedriuw. De Vreeze wurdt fertocht fan belangeferstringeling. Hy soe fia syn eigen detasjearringsbedriuw jild fertsjinne ha oan pleatsing fan meiwurkers by Caparis.
De ried fan bestjoer fan Caparis hat in ûndersyksburo ynskeakele om de saak te ûndersykjen. De UR slút him oan by dy winsk om in ûndersyk. Mooglik wurdt de saak oerjûn by it Iepenbier Ministearje.
As dy dêr oanlieding foar sjocht komt it ta in rjochtsaak tsjin Wilko de Vreeze. De ûndernimmingsried lit no witte dat dy him dêrby oanslút en dat de saak goed ûndersocht wurde moat. Yn Smellingerlân hâldt de gemeenteried no tiisdei in spoeddebat oer de kwestje.