Helmholt begjint mei winst

11 maaie 2013 - 22:31

Bart Helmholt hat de earste ljepperij fan it nije seizoen wûn. Tusken de buien troch ljepte er yn Bûtenpost nei 19.69 meter. Nard Brandsma waard twadde mei 19.16. De winst by de junioaren gong nei Age Hulder. Hulder kaam ferline seizoen troch in slimme ankelblessuere amper yn aksje. No wûn er mei 18.72. De winst by de froulju wie foar Klaske Nauta mei 14.54. Har broerke Jan Teade wûn by de jonges mei 17.46.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)