Otter ek yn Houtwiel

11 maaie 2013 - 15:33

Yn natuergebiet De Houtwiel by Feanwâlden is in otter oantroffen. It bist is te sjen op kamerabylden fan Steatsboskbehear. De kamera wie der pleatst om 't earder al spoaren fûn wiene fan de otter. Dat dy no ek yn 'e Houtwiel sit, jout oan dat de omstannichheden foar it bistke yn Fryslân ferbettere binne.

Earder waard ek al in otter oantroffen yn de Grutte Wielen by Ljouwert. Wêr't de otter yn 'e Houtwiel krekt weikomt, is noch net dúdlik. Nei alle gedachten is it neiteam fan de otters dy 't útset binne yn de Alde Feanen of de Weerribben.

Trefwurden: 
otter Houtwiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)