Helpferliener tinkt om himsels

01 jan 2012 - 08:26

Helpferlieners binne âldjiersnacht ekstra alert op har eigen en elkoars feiligens. It is in drokke nacht foar sawol brânwacht, plysje as ambulânse. Om't der in soad folk op 'en paad is en in grut tal fan har ek net nuchter is, is it somtiden dreech om har wurk te dwaan.

Tachtich prosint fan de helpferlieners hat tidens it wurk te krijen mei agresje, geweld of bedrigings. Om oandacht te freegjen foar dat probleem is der dizze wike in nije kampanje úteinset; 'Handen af van de hulpverleners'.

In kampanje dy't neffens de meiwurkers fan brânwacht, ambulânse en plysje fan grut belang is. En der wurdt neffens har ek goed op reagearre. In soad minsken hawwe it der oer.

Trefwurden: 
helpferliener
(advertinsje)