Skûtsjes omslein by De Lemmer

Plysje- en ambulânsefrou sjogge ta
By de slûs by De Lemmer binne sneon krekt nei de middei twa skûtsjes omslein. Op de skûtsjes sieten tweintich oant tritich opfarrenden. Der binne gjin ferwûnen fallen by it ûngelok. Alle opfarrenden binne yn feiligens brocht. De skûtsjes binne ûnôfhinklik faninoar omslein. Se binne net mei-elkoar yn oanfarring kaam.
Op 'e Lemmer wie op it stuit fan it ûngelok sylevenemint Lemmer Ahoy oan 'e gong.