Soad skea by brân yn Ljouwert

De brânwacht hat it âldjiersnacht drok hân mei it bestriden fan meardere brannen en brantsjes. De grutste brân wie oan it begjin fan de nacht yn Ljouwert. Dêr rûn in wenning oan de Oosterkade grutte skea op by in útslaande brân. In part fan de twadde ferdjipping fan de wente baarnde út. De bewenners wiene net thús. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.
Yn Surhústerfean baarnde oan De Dellen in skuorre achter in leechsteande pleats folslein út. It fjoer bruts tsjin fjouwer oere moarns út. De brânwacht fan Surhústerfean en Droegeham koe foarkomme dat de brân it foarhûs berikte.
Yn Drachten baarnde in houten gebou achter it Frysk Kongressintrum ôf. It wie it opslachhok fan rydferiening De Radboudruiters. Yn it geboutsje lei materiaal opslein, wêrunder in tal jerrycans mei disel en springmateriaal foar de hynders. De brânwacht hat it hok útbaarne litten. Fierder waarden op guon plakken konteners en oar guod yn 'e brân stutsen.