PvdA Ljouwert stipet Samsom

De PvdA yn Ljouwert stelt him kommende snein op achter fraksjefoarsitter Samson ynsake de diskusje oer it al of net strafber stellen fan yllegaal ferbliuw yn Nederlân. Dat is freed besletten op in ledegearkomst. PvdA Twadde Keamerlid Jacques Monasch sei dat de top fan de PvdA de saak better oanpakt kinnen hie. Hy wie ek net tefreden oer in ferrin fan it lanlike kongres ferline wike.
Monasch is bliid mei de opstelling fan de Ljouwerter ôfdieling.
Neffens Monasch kin de saneamde 'buitenschuld clausule', bedoeld foar minsken dy't nearne hinne kinne, de oplossing wêze. Dúdlik is wol dat Samson net nei de VVD giet om te ûnderhanneljen oer in pardon foar yllegale flechtlingen.