Firtuele operaasjekeamer

10 maaie 2013 - 17:30

Ferbetteringen yn de soarch komme tenei foar in grut part út Ljouwert. Yn stilte is ynstitút Limis foar Healthcare Innovations & Training al in pear jier dwaande yn it MCL-sikehûs mei de opstart fan de earste projekten. No kinne se dêrmei nei bûten ta.

Sa is in firtuele operaasjekeamer makke, sadat de sjirurgen en ferpleechkundigen thús oefenje kinne. Der is boppedat in kompjûterspultsje betocht dat sjirurgen helpe moat harren hân-each-koördinaasje te ferbetterjen.

Limis draait op in miljoenesubsydzje fan ûnder oare de provinsje Fryslân en Europa .Oer sân jier wolle se op eigen fuotten stean.

Trefwurden: 
LIMIS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)