FNP: 'Besunigje op parkearen'

De steatefraksje fan 'e FNP wol dat de provinsje besuniget op de parkearkosten. De provinsje hiert foar 500.000 euro jiers 256 parkearplakken by de gemeente Ljouwert, sadat de amtners de auto kwyt kinne. Mar om't hieltyd mear amtners mei de fyts of it iepenbier ferfier nei it wurk komme, kin dêr wol op besunige wurde, sa seit de FNP.
De provinsje moat no mei de gemeente om tafel om nije ôfspraken te meitsjen.
Neffens it jierferslach fan 2012 komt goed 60 prosint fan de provinsje-amtners op de fyts of mei iepenbier ferfier nei it wurk. Dat is boppe ferwachting.