Lemmer Ahoy giet freed oer

Lemmer Ahoy fan 2012 © Lemmer Ahoy
De organisaasje fan Lemmer Ahoy hat de sylwedstriden fan freed ôfsein. Troch de hurde wyn fine se it te gefaarlik om te silen op 'e Iselmar. De kâns dat ien oerboard slacht is grut. Fierders is it wetter kâld wêrtroch't minsken gau ûnderkuolle reitsje kinne. De wyn helle freed krêft 7 op 'e Iselmar. Sneontemoarn beslút de organisaasje oft de wedstriden fan dy dei al of net trochgean.
Oan de wedstriid dogge 58 skûtsjes en tweintich aken mei.