Drankrider skelt plysje út

Plysje-embleem © ANP
In 26-jierrige automobilist út Ljouwert is tongersdeitejûn oanhâlden omdat er de plysje útskold nei in alkoholkontrôle. De man wie it net iens mei it opûnthâld fan de kontrôle op de Coopmanstrjitte en liet dat ek dúdlik fernimme. Uteinlik hat de Ljouwerter de blaastest wol dien. By it fuortriden waarden de plysjeminsken útskolden.
De plysje gie achter de man oan en koe him krekt foar syn hûs oanhâlde. Dêr die ek bliken dat syn auto net fersekere wie.