Mislearre oerfal op iissalon

In oerfal op in iissalon oan de Kelders yn Ljouwert is tongersdeitejûn mislearre. In man fan sawat 45 jier kaam tsjin sân oere de saak yn en gie yn de buert fan de kassa stean. Hy besocht jild te pakken doe't de meiwurkster in bestelling ôfrekkene. Sy waard hurd tsjin de muorre smiten.It slagge de oerfaller net om de kassa iepen te krijen. Dêrop is de man útnaaid rjochting Easterstrjitte.
De plysje hat in fest fan de oerfaller fûn op de Ossekop. Tsjûgen wurdt frege om mei de plysje te beljen.