Boatsje omslein by Langwar
Op de Langwarder Wielen by Langwar is freedtemoarn in boatsje omslein. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is en hoefolle minsken oft ynp it boatsje sieten. In tal minsken sit boppe-op de boat en oaren lizze yn it wetter. De helptsjinsten binne te plak. De oproppen traumahelikopter hoegde net yn aksje te kommen.