Rêders sloepûngelok socht

10 maaie 2013 - 10:59

Boargemaster Looman fan Skasterlân is op syk nei in groep jongeren dy't tongersdei holpen hat by it ûngelok op it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch. By in oanfarring tusken in sloep en in binnenfeartskip kaam in 81-jierige frou út Dútslân om it libben en twa oaren rekken ferwûne. Fjirtjin minsken rekken yn it wetter.

In groepke jongeren dat tafallich foarby farde, hat in flink tal fan harren út it wetter helle. De gemeente wol de rêders no graach yn it sintsje sette, mar wit net krekt om wa't it giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)