39e HT-race giet net troch

10 maaie 2013 - 07:41

De HT-race giet dit jier definityf oer. De organisaasje fynt it ûnferantwurde om de roeiwedstriid fan Harns nei Skylge trochgean te litten. Der stiet te folle wyn.

It wie al gau dúdlik dat de race freed net trochgean koe. Der hat freedtemoarn noch oerlis west om te sjen oft de wedstriid ferskood wurde koe nei sneon. Mar foar sneon sjocht it waar der ek net goed út. Boppedat hat de plysje dan gjin minsken beskikber om de feilichheid fan de roeiers te garandearjen.

Trefwurden: 
HT-race roeiwedstriid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)