Sint Jabik wer de sterkste

Sint Jabik hat tongersdei de ôfdielingspartij foar manlju yn Tsjummearum wûn. Yn de finale wiene de keatsers Bauke Triemstra, Renze Hiemstra en Taeke Triemstra mei 5-4 en 6-4 te sterk foar dat oare Biltdoarp Sint Anne. Sint Anne keatste mei Sjoerd de Jong, Pieter-Jan Plat en Jacob Wassenaar.
Sint Jabik wûn ek al de earste ôfdielingspartij fan it seizoen yn Weidum en is dêrmei de grutte favoryt foar de oerwinning op de Bûnspartij op pinkstermoandei. De lytse preemje wie foar Sint Jabik II.