Man mei boatsje omslein

Op de Grutte Wielen by Ljouwert is op Himelfeartsdei in man mei in boatsje omslein. Dat barde in ein fan de wâl ôf, oan de noardkant fan it wetter. Helptsjinsten rukten manmachtich út om de man te helpen. Plysje, brânwacht en in helikopter wiene derby.
Meiwurkers fan de surfskoalle hawwe de man út it wetter helle. Syn tastân liket ta te fallen.