Personiel pakt winkeldief

09 maaie 2013 - 15:01

Yn Drachten is woansdei in jonge fan 17 jier oanhâlden foar stellerij. Hy hie mei in oare jonge in spikerbroek ôftrekkene yn in kleanwinkel oan de Houtleane. Doe't se de winkel út giene, gie it alarm ôf. It personiel gie der daliks achteroan, ek omdat de jonge in dei dêrfoar ek al besocht hie wat te stellen.

De 17-jierrige waard pakt, syn maat naaide út. De 17-jierrige hat de ôfrûne twa moanne fjouwer kear oppakt west troch de plysje. Dat wie ûnder oare foar stellerij, ynbraak en it rôven fan in taske.

Trefwurden: 
stellerij dief Houtleane
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)