Jonkje oanriden yn Burgum

In jonkje fan 7 jier is justerjûn yn Burgum oanriden troch in dronken autobestjoerder. It bern wie op de Skoallestrjitte samar de wei opdraafd. Hy hat dêrby nei alle gedachtende auto dy't der oanriden kaam, oer de holle sjoen. It jonkje rekke licht ferwûne by de oanriding.
By in asemanalyze die bliken dat de 38-jierrige autobestjoerder te folle alkohol dronken hie. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.