Tunen ôfgrave fanwege asbest

De asbestfersmoarging yn Noardwâlde is sa slim dat guon tunen yn 'e buert ôfgroeven wurde moatte. Twa húshâldings moatte dêrfoar harren hûs út. De giftige stof kaam fan 'e wike frij by in brân yn in gebou oan 'e Industriestrjitte.
De GGD hat de gemeente Weststellingwerf it driuwende advys jûn om fuortendaliks te begjinnen mei oprêden fan it asbest. It begjint freed. Boargemaster Van Klaveren hie it leafst hân dat it oprêden hjoed al begjinne soe, mar dat is net slagge fanwege Himelfeartsdei.
De omwenners binne woansdei oan 'e ein fan de middei op de hichte brocht op in gearkomste yn it Vlechtwerk yn Noardwâlde.