Gjin wachtjild foar riedsleden

09 maaie 2013 - 12:03

Leden fan gemeenterieden dy't opstappe krije tenei gjin wachtjild mear. Dat hat minister Plasterk fan Ynlânske Saken besletten. Nei de kommende gemeenteriedsferkiezings fan 2014 en dy foar provinsjale steaten yn 2015 ferdwine de besteande regelingen. Allinnich sittende rieds- en steateleden kinne noch in útkearing krije as sy nei de ferkiezings net mear weromkomme.

It útgongspunt fan de minister is dat minsken it politike wurk útsoarte derby dogge. De leden binne net ôfhinkelik fan it ynkommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)