Blomkemerk op Saailân

09 maaie 2013 - 11:17

De tradisjonele blomkemerk yn Ljouwert is dit jier op in oar plak. Foargeande jierren wie it altyd op de Langemerkstrjitte en de Tesselschadestrjitte en no op it Saailân. Dat wie in winsk fan de pleatslike ûndernimmers. De winkels yn it sintrum fan Ljouwert binne op Himelfeartsdei iepen en de winkellju hoopje mei troch de blomkemerk op in soad klandyzje. Njonken de blomkemerk is der ek in jiermerk. Der wurde sa'n 80.000 minsken ferwachte.

Op 'e neimiddei en jûn is op it Aldehoustertsjerkhôf it dance-evenemint Hemels.

Trefwurden: 
blomkemerk Himelfeartsdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)