Smoardrok by Tichelaar

09 maaie 2013 - 11:02

By de winkel fan ierdewurkfabryk Tichelaar yn Makkum wie it fan 'e moarn smoardrok. Al foar't de winkel iepengie stie der in lange rige minsken fan 150 of 200 minsken foar de doar. Binnenboar wiene op in stuit wol 300 klanten oanwêzich.

Tichelaar hâldt nei dit wykein op mei it meitsjen en ferkeapjen fan tradisjoneel diggelguod. De echte leafhawwers moatte der no by wêze om de eigen kolleksje kompleet meitsjen.

Trefwurden: 
Tichelaar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)