Housefeest yn Skoatterwâld

08 maaie 2013 - 21:20

Oan de râne fan de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean giet tongersdei it fernijde Heavenly Outdoor festival los. Fan twa oere ôf sille goed 10.000 besikers dûnsje op housemuzyk út binnen- en bûtenlân.

It is foar it earst dat it festival op dit plak hâlden wurdt. Jierrenlang waard it hâlden yn it sintrum fan it doarp, mar dêr soarge it foar tefolle oerlêst. Troch goed oerlis mei de omwenners hopet de organisaasje dat it festival yn Skoatterwâld de kommende jierren groeie kin, takom jier nei 20.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)