Optimisme by Henk de Jong

08 maaie 2013 - 17:27

Cambuur-trainer Henk de Jong hat goeie hope dat hy troch de seleksje foar de kursus coach betelle fuotbal komt, nei it petear dat hy woansdei hân hat mei de beoardielingskommisje. De Jong hat al in pear kear earder besocht om de papieren as coach betelle fuotbal te krijen, mar hy waard hieltyd ôfwiisd.

Dat hie ûnder oare te krijen mei in tekoart oan ûnderfining as spiler yn it betelle fuotbal. Henk de Jong hie him foar woansdei ekstra goed taret, ûnder oare troch petearen mei Foppe de Haan. En sadwaande is De Jong no optimistysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)