Oosterveld De Blesse fallyt

08 maaie 2013 - 15:30

Oosterveld ynstallaasjetechnyk fan de Blesse is fallyt ferklearre. It bedriuw bestie sûnt 1976 en hie sa'n 35 meiwurkers. De lêste jierren hie it bedriuw him fral talein op advys oer saken as waarmtepompen, sinnepanielen en sinneboilers.

De kurator fan it fallite ynstallaasjebedriuw sjocht wol mooglikheden foar in trochstart. Der hawwe har in pear gadingmakkers meld. It wurk giet dêrom fan moandei ôf wer troch. Oosterveld hie it fallisemint sels oanfrege, omdat de bank de jildkraan tichtdraaid hie.

Neffens de kurator is it bedriuw yn de problemen kaam, troch de malêze yn de bou. Hoe grut de skulden fan ynstallaasjebedriuw Oosterveld krekt binne, wurdt de kommende tiid besifere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)