Opnamen Penoza yn Ljouwert

08 maaie 2013 - 14:00

Yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert binne woansdei opnamen foar de televyzjesearje Penoza. Dêrfoar is in team fan sa'n 60 minsken út Amsterdam ôfreizge. Yn de dramasearje Penoza sitte in tal sênes dy't him yn de finzenis ôfspylje en de Blokhúspoarte is dêrfoar de ideale lokaasje, sa seit lokaazjemanazjer Patrick Noordzij.

De opnamen yn de Blokhúspoarte wurde woansdei allegearre yn ien kear draaid foar de tredde rige fan de searje. De bylden binne fan snein 29 septimber ôf te sjen op Nederlân 3.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)