Schweigmann slút twa winkels

08 maaie 2013 - 12:48

Schweigmann bernemoade slút winkels yn Zwolle en op It Hearrenfean. De festiging yn Ljouwert bliuwt iepen. De berne- en babykleanwinkelketen moat ynkrimpe fanwege de krisis. De oandacht giet tenei nei de winkel yn Ljouwert en de webshop.

Neffes de direksje wurdt hieltyd mear klean online ferkocht. Zwolle wurdt in saneamde outlet-store, dêr't klean mei koarting ferkocht wurdt. Troch it sluten fan de winkels ferlieze tolve meiwurkers harren baan.

De winkel fan Schweigmann sit al 127 jier yn Ljouwert. De festiging op It Hearrenfean is 15 jier âld.

Trefwurden: 
winkel Schweigmann bernemoade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)