Kening iepenet gerjochtshôf

Kening Willem-Alexander © RVD
Kening Willem-Alexander sil op 31 maaie it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhim offisjeel iepenje. Sûnt jannewaris dit jier binne de gerjochtshôven fan Ljouwert en Arnhim omfoarme ta ien organisaasje. Troch de fúzje hat it gerjochtshôf no sân provinsjes as wurkterrein. Dêrmei is it it grutste fan de fjouwer gerjochtshôven fan ús lân.
Troch gruttere rjochtbanken en gerjochtshôven kinne saken flugger behannele wurde en better ferdield wurde ûnder de 400 wurknimmers. De offisjele iepening is yn de Jacobijnertsjerke fan Ljouwert.