Lemster brânwacht de boer op

08 maaie 2013 - 11:16

De brânwacht fan De Lemmer sil de kommende wiken aktyf op syk nei nije leden. Se dogge dat troch mei brânwachtauto's by boumerken te stean. Se tinke dat de doelgroep fan handige jonge minsken dêr te finen is. De brânwacht stiet der mei spuitweinen en belangstellenden kinne gelyk in sollisitaasjeformulier meinimme.

Sjoen it leeftydsopbou kin it korps wol nije minsken brûke op de post fan De Lemmer. Froulju binne likegoed wolkom as manlju, it korps hat no ek al trije froulike brânwachtminsken.

Trefwurden: 
De Lemmer brânwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)