Man rydt twa kear te hurd

08 maaie 2013 - 10:38

In 19-jierrige autorider is tiisdeitejûn op de A32 by de Werpsterhoeke syn rydbewiis kwytrekke, omdat hy 140 kilometer de oere op 'e teller hie. Omdat der op dat plak oan 'e dyk wurke wurdt, is de maksimumsnelheid dêr 70.

De man waard oan kant set en krige in proses-ferbaal.

(advertinsje)