Aris fuortfage yn Den Bosch

07 maaie 2013 - 21:55

De basketballers fan Aris Ljouwert ha yn de tredde heale finalewedstriid om it kampioenskip fan Nederlân in pak op 'e hûd hân. EiffelTowers wie yn de eigen Maaspoort fan Den Bosch mei 106-63 fierste sterk. Healwei hie de regearend lânskampioen it ferset fan de Ljouwerters al brutsen: 52-30. Nei it tredde kwart wie it 79-43.

De stân tusken beide ploegen is no 2-1 foar Aris. It team dat it earst trije kear wint is finalist. Tongersdei op Himelfeartsdei is wedstriid fjouwer yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Aris basketbal Den Bosch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)