Filip Djuricic brekt ribbe

Filip Djuricic © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
SC Hearrenfean moat it snein yn de slotwedstryd fan de kompetysje tsjint Roda JC sûnder Filip Djuricic stelle. De Serviër hat ôfrûne snein yn de wedstryd tsjin Utrecht in ribbe brutsen. Dat gebeurde by in botsing mei keeper Robbin Ruiter. De kâns bestiet dat Djuricic dit seizoen hielendal net mear yn aksje komt foar Hearrenfean. De spiler ferhuzet nei Benfica.