Jorritsma bout nij tsiisfabryk

07 maaie 2013 - 15:55

Jorritsma Bouw út Boalsert sil it yngrediïntefabryk en it tsiisfabryk op It Hearrenfean bouwe. It boubedriuw is grutsk op de opdracht. De opdrachtjouwer A-Ware Food Group fynt it moai dat in Frysk famyljebedriuw de bou foar syn rekken nimt.

It tsiisfabryk krijt in omfang van 20.000 kante meter. It yngrediïntefabryk beslacht 10.000 kante meter. De twa fabriken krije mei-inoar in lingte fan 500 meter. It giet om in ynvestearring fan 12 miljoen euro. De bou begjint ein maaie. It fabryk moat ein 2013 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)