NPM nimt diel yn FibreMax

It Jouster kabelbedriuw FibreMax wurdt foar 25 % ferkocht oan partisipaasjemaatskippij NPM Capital. FibreMax hopet troch de dielname de ynternasjonale posysje te fersterkjen en út te wreidzjen. FibreMax makket keunststof kabels dy't lichter, sterker en duorsumer binne as stielkabels.
Eigener en betinker fan it konsept is Rinze van der Schuit. Dy begûn mei it meitsjen fan kabels foar sylskippen. Mar yntusken groeit it bedriuw sterk en wurdt ek produsearre foar bygelyks de mynbou, brêgebou en oalje-yndustry.
NPM Capital is ûnderdiel fan SHV Holding, it yndustriële concern fan de bekende famylje Fentener van Vlissingen.