Henk de Jong: 'no of noait'

Henk de Jong besiket woansdei foar de lêste kear om talitten te wurden foar de kursus Koach Betelle Fuotbal. De trainer dy't kampioen waard mei Cambuur hat dan in petear mei fuotbalbûn KNVB. Oant no ta waard De Jong net talitten op de kursus en dêrtroch beskikt hy net oer de papieren om haadtrainer te wêzen yn it proffuotbal.
'Dit is it momint foar my. Takom jier wurd ik 50 en dan soe ik it papierke eins wol ha moatte', seit de Jong. Hy hat Foppe de Haan om advys frege foar it petear.
De KNVB wol de kursus feroarje en start dêrom mei in pilot-trajekt. Dêr wol De Jong graach diel fan útmeitsje. 'Se ha proefpersoanen nedich en it soe geweldich wêze as ik dêr by sit. Dan ha ik oer in jier myn diploma.'
De Jong wol perfoarst net op de stoel fan Dwight Lodeweges sitten gean. Lodeweges is fan takom seizoen ôf haadtrainer by Cambuur. De Jong: 'Dêr ha we it goed oer hân. Ik wurd gewoan wer assistint, tegearre mei Jan Bruin en Sandor van der Heide. As ik talitten wurd op de kursus moat ik ek in soad studearje, dus dan sil ik der ek net altyd wêze.'