Lemster folkstunen fernield

07 maaie 2013 - 11:24

Foar de tredde kear dit jier is de folkstúnferiening fan De Lemmer slachtoffer wurden fan fandalen. De ruten fan de kassen binne ynsmiten en der is troch de tunen wâde. Dit wykein waarden ek de hinnen loslitten.

De plysje hâldt de saak yn 'e gaten, mar oant no ta binne de dieders noch net fûn. De leden fan de folkstúnferiening ha skjin har nocht fan de fernielerij en guon binne safier dat se yn it wykein poste wolle, mar dat hat de foarsitter har dochs mar ôfret. Hy is bang dat de saak by in eventuele konfrontaasje út de hân rint.

De foarsitter is fan betinken dat de feriening de saak oan de plysje oerlitte moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)