Brânstifting: jonge(14) oppakt

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In 14-jierrige jonge fan It Hearrenfean is moandeitenacht oanhâlden om't er mooglik trije brantsjes op syn namme stean hat. It begûn mei in autobrân op de Van Goghlaan, dêrnei waarden op twa plakken konifearen yn brân stutsen. Tichtby ien fan dy plakken troffen plysjes de 14-jierrige jonge oan.
Om't hy mooglik ferantwurdlik is foar de trije brantsjes, is de jonge arresteard. Hy sit fêst op it plysjeburo.