Mishanneling yn Oerterp

Geweld © Omrop Fryslân
Trije manlju út Drachten en It Hearrenfean binne moandeitejûn oanhâlden neidat se yn Oerterp twa jonges mishannele hawwe soene. Dat barde by de supermerk yn it doarp. De twa jonges fan 14 en 16 rekken licht ferwûne troch de klappen. Ek soene de manlju in bierfleske nei de jonges smiten ha.
It oanhâlden trijetal is tusken de 19 en 35 jier âld. De oanlieding foar de mishanneling is net rjocht dúdlik, nei alle gedachten spilet alkohol in rol. Ien fan de fertochten sit noch fêst.