Kuieralvestêdetocht wer begûn

07 maaie 2013 - 08:11

De Kuieralvestêdetocht is wer útein set. Tiisdeitemoarn om sân oere wie de start fan de 67-ste edysje fan de jierlikse kuiertocht. De tocht duorret fiif dagen en komt lâns alle alve Fryske stêden.

Alle dagen is der in etappe; fan Ljouwert nei Sleat, fan Sleat nei Warkum, fan Warkum nei Frjentsjer, fan Frjentsjer nei Dokkum en fan Dokkum nei Ljouwert. Sneon is de finish. Der dogge yn totaal mear as 700 kuierders mei. Dêrneist binne der sa'n 250 kuierders dy't mar ien etappe rinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)