Mooglik saak tsjin De Vreeze

06 maaie 2013 - 23:40

Der komt mooglik in rjochterlik ûndersyk nei de opstapte Caparis-direkteur De Vreeze. Dat is moandei foarsteld yn in gearkomste fan alle belutsen partijen by Caparis. Wilko de Vreeze is opstapt om't er mooglik belutsen wie by belangeferstrengeling. Sa soe hy mei syn eigen bedriuw minsken by Caparis oan it wurk holpen hawwe, tsjin in fergoeding.

De ried fan kommissarissen hat in buro ynskeakele om de saak te ûndersykjen, mar fanút de dielnimmende gemeenten is no foarsteld om de saak eventueel yn hannen te jaan fan it Iepenbier Ministearje.

As dy dêr oanlieding foar sjocht komt it ta in rjochtsaak tsjin Wilko de Vreeze. Yn Caparis sitte acht Fryske gemeenten, lykas Ljouwert, Tytsjerksteradiel en Opsterlân.

Trefwurden: 
Caparis Wilco de Vreeze
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)