Pastiel slút 100e kontrakt

06 maaie 2013 - 22:32

Pastiel, it proefprojekt fan 13 gemeenten en Empatec, hat al 100 minsken oan it wurk holpen. It projekt docht dat troch it kombinearjen fan de fraach fan wurkjouwers mei de kwaliteiten fan de wurknimmers. Tiisdei wurdt nei de start yn febrewaris by Vriesia kezinen yn Snits it 100e kontrakt tekene.

De kracht fan it projekt is dat der in soad gemeenten oan meidogge en it wurkterrein dêrtroch aardich grut is. Wurkjouwers binne tige tefreden oer de wurkwize fan Pastiel.

Jacob Holkema fan Harns is de hûndertste dy't fia Pastiel nij wurk krigen hat. Holkema syn kontrakt waard ein ferline jier net ferlinge. Nije wike woansdei begjint der as ferkeaper by Vriesia Glas Totaal yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)