Weening op dreef yn Italië
Pieter Weening hat him yn de tredde etappe fan de Ronde fan Italië goed sjen litten. Yn de etappe oer 222 km fan Sorrento nei Marina de Ascea gong de winst nei de Italiaan Luca Paolini, dy't solo oer de einstreek kaam. Weening kaam mei fyftjin oaren op sechstjin sekonden as sânde oan. Yn it klassmint klom de Harrekyt nei it fjirtjinde plak op 45 sekonden fan ritwinner Paolini.