Muoisume winst Jong It Fean

06 maaie 2013 - 21:26

Kampioen Jong Hearrenfean spile tsjin de nûmer lêst Jong NEC/FC Oss ien fan syn mindere wedstriden, mar wûn wol. Melvin Platje sette de gasten út Nijmegen en Oss healwei de earste helte op foarsprong. Yn de twadde helte makke Jong Hearrenfean dochs noch it ferskil. Marco Pappa, Gianni Zuiverloon en Mark Uth soargen foar de 3-1 oerwinning. By Jong NEC/FC Oss spile âld-Hearrenfean spiler Geert Arend Roorda ûnopfallend mei yn de ferdigening. Takom wike spylje de beloften fan It Fean de lêste wedstriid, út by Jong Heracles Almelo.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)