Provinsje posityf oer Vuelta

06 maaie 2013 - 21:09

De provinsje en de gemeenten Súdwest-Fryslân, Dongeradiel en Ljouwert tekenje in positive yntinsjeferklearring mei de Stichting Vuelta Hollanda 2015. Der binne plannen om de hurdfytswedstriid, de Ronde fan Spanje yn 2015 troch Fryslân gean te litten. Dat moat 8,5 ton kostje, mar smyt neffens de partijen in geweldich stik publisiteit foar Fryslân op.

De Vuelta is nei de Tour de France en de Giro d'Italia it grutste hurdfytsevenemint. De ferwachting is dat dit foar in positive ympuls soargje sil op it mêd fan sport, toerisme en hannel.

Provinsjale steaten moat by de behanneling fan de kadernota beslute oer it beskikber stellen fan de bydrage.

Trefwurden: 
hurdfytsen Vuelta 2015
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)