Sportpenning foar SC Cambuur

06 maaie 2013 - 19:49

De spilers fan SC Cambuur hawwe moandeitejûn by it kampioensfeest de sportpenning fan de gemeente Ljouwert krigen. Boargemaster Ferd Crone rikte de medaljes út oan de spilers fan Cambuur.

Op it Aldehoustertsjerkhôf wiene sa'n 10.000 fans om de spilers ta te sjongen en feest te fieren. Nei 13 jier komt SC Cambuur werom yn de earedivyzje en dat wie wol in feestje wurdich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)