Weromsjoch: De Moskeflapper
Omrop Fryslân sjocht yn de lêste wike fan it jier werom op de ljochtpuntsjes fan 2011. Ien fan dy ljochtpuntsjes wie it iepen bliuwen fan iepenbiere basisskoalle De Moskeflapper yn Hjerbeam. Dy moast eins ticht, want der sieten net genôch learlingen op.
Nei massale aksjes fanút it doarp besleat de gemeenteried yn april dat de skoalle dochs iepenbliuwe mocht.