25 kear 204 kilometer kuierje

06 maaie 2013 - 17:38

204 kilometer kuierje by de alve stêden del. Tiisdei giet de fiif-daagse tocht wer los. Foar de 67e kear mei in lytse tûzen kuierders. Neffens de organisaasje binne der dit jier in soad nije minsken by. Mar der binne fansels ek altyd kuierders mei ûnderfining dy't der mar gjin genôch fan krije kinne.

Foar Wiebe Bleeker (71) fan Boalsert is rinnen hast in ferslaving. Al is er net de jongste mear, neat hâldt him tsjin om tiisdei foar de 25e kear útein te setten mei de kuier by de alve stêden del.

Bleeker wie ornaris ien fan de hûnderten kuierders dy't jûns op ien fan de folchskippen sliepte. Mar dit jier sliept er thús, want de fêste ploech mei kuiermaten tinnet út.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht kuierje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)