Foar fjouwer euro nei Skylge

De Harnzer fearboatterminal fan Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Jan-Durk de Haan
Ek rederij Doeksen stunt mei de prizen foar in boatkaartsje nei Skylge. Foar de perioade fan 15 maaie oant en mei 12 juny kostet in inkelde reis fjouwer euro. Neffens Doeksen is it lege taryf needsaaklik om konkurrearje te kinnen mei de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT.
De EVT freget sûnt ferline jier fiif euro foar in inkelde reis nei Skylge. Doeksen is dêrtroch in soad reizgers kwytrekke en hopet dy mei it nije aksjetaryf werom te winnen.
Doeksen warskôget de reizgers dat de lege tariven ek foar harren neidielen hawwe sille. Om kostedekkend te wurkjen sil de rederij twongen wêze om yn de wintertsjinstregeling guon ôffearten te skrassen.