Marwei Dolsterhuzen opknapt
Op moandei 9 jannewaris begjint it wurk oan de Marwei yn Dolsterhuzen en it Hellingpaad en de Turfkade yn Ychtenbrêge. Dizze strjitten wurde opnij ynrjochte. It wurk duorret fjouwer moanne, mar as it bot winter wurdt kin dat ek langer wurde.
Foar de bewenners en ûndernimmers fan Dolsterhuzen en Ychtenbrêge is kommende tongersdei in ynformaasjebyienkomst oer de wurksumheden.